Kantsjeboard op Kurasao
De Traveliers is in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit.
Mei in stampende pineholle wurdt Hidde wekker. Syn mûle fielt droech oan en hy hat slim toarst.
Fernuvere sjocht er om him