It goud fan de Aboriginals
Nei't se in skoftke rûn hawwe, seit Hidde: 'Wêr binne dy tekeningen no? Wy binne dochs echt fan dizze kant kommen.'
'Ja,' seit Fardau, 'wy hiene der al lang wêze moatten. Of wie it miskien in bytsje de oare kant út?' De panyk slacht ta.
'Wy sitte midden yn de woastyn. Wy ha gjin iten en drinken by ús. En dy sinne!'
Út it neat ferskynt ynienen in ploechje minsken. Brune minsken. Aboriginals,