De Traveliers - Fûgelfrij yn de canyon
Der klinkt in lûde knal.
'Hat dy fint in pistoal?' Jelle wurdt bleek om 'e holle. 'Ik wol hjirwei!'
'Nee, stil!'
In doar slacht ticht.
Hidde en Jelle meitsje har sa lyts mooglik. Se hearre de man praten. Se kinne it net ferstean, mar syn stim klinkt lilk. Hy rint hinne en wer.
'Tsjin wa praat er? Is der nóch ien?' systeret Hidde. Of bellet er?'
Se hâlde de siken yn en ha de earen op skerp.
Yn