Ûnder de Seespegel

Literatuur & Romans, Non-Fictie
Ûnder de Seespegel bestiet yn haadsaak út koarte ferhalen dy't yn it waadgebiet spylje. Durk van der Ploeg jout in sfearfolle ympresje fan it lânskip en fan de faak wat iensume personaazjes dy't syn ferhalen befolkje. Faak lûke dy minsken oan de koartste ein. Lykas de polhoeder fan de Bantspolder yn it ferhaal It Keal. Hy besiket in better takomst foar syn húshâlding te bestribjen yn de krisisjierren fan de foarige ieu. Yn Grûn fan ús grûn skriuwt in frou in brief oan har skoansuster yn Kanada. Se fertelt oer twa broers dy't inoar nei har jeugd noait wer sjoen ha. Yn it tragykomyske ferhaal Snieflok yn 'e simmer siket in frou har frijheid yn aventoer. De Hûnsdagen spilet op Skylge. In tragysk ynsidint soarget derfoar dat de haadpersoanen inoar nea wer ferjitte sille. Fiif manieren om ôfskie te nimmen is de lêste, tige ferrassende bydrage. Ynhâld Duisterwinkel It keal Grûn fan ús grûn De reinwettersbak It wie mar jiske dat wy loslieten De hûnsdagen Snieflok yn 'e simmer Der giet neat boppe de natuer Se witte net wat ik troch-meitsje De opstanning Fiif manieren om ôfskie te nimmen
Uitgeverij
Audiofrysk
Uitgegeven als
Audioboek
Eerste editie
14-02-2011
Laatste editie
14-02-2011
ISBN
9789461495266

Populair in hetzelfde genre

Boeken van dezelfde auteur

Uitgelicht