Pippi Langkous - Fryske edysje

harkboek, ynlêzen troch Geartsje de Vries

Junior
Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan 'e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy't neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren. Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tûkalân. Geweldich foar elk dy't bern bliuwe wol. Astrid Lindgren (Sweden 1907-2002) har skriuwerskarriêre begûn eins op 'e dei dat har dochterke om in ferhaal frege. It waard in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as tweintich boeken dy't oer de hiele wrâld ferskynd binne. Har wurk waard talleaze kearen bekroand, û.o. mei de Hans-Christiaan-Andersen-Medaille en de Sweedske Steatspriis foar Literatuer.
Uitgeverij
Audiofrysk
Uitgegeven als
Audioboek
Eerste editie
15-05-2021
Laatste editie
15-05-2021
Vertaald door
Martsje de Jong
Illustraties door
Carl Hollander
ISBN
9789460381461
Serie
AF-B
Seriedeel
20

Populair in hetzelfde genre

Boeken van dezelfde auteur

Uitgelicht