Pake Sytse
Pake Sytse is in klassiker yn it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001). It is de bjusterbaarlike histoarje fan Sytse Cavelier, dy’t as jongkeardel samar ferdwûn. It ferhaal wurdt ferteld troch pakesizzer Jehannes.
‘Pake is jong weirekke, sa waard letter sein as it te praat kaam en wy ús mem of beppe fregen wêrom’t der net in pake by ús beppe wie. De rike Fryske taal stelde harren yn