Leafde yn Ljouwert
Sy wol dat er fuortgiet, hy wol híel graach bliuwe… As troubleshooter yn in fiifstjerrehotel is Jinte Jellema wol wat wend. Se komt dan ek fuort yn aksje as se heart dat de Keningssuite yn ien jûn hielendal útwenne is troch in frijgesellefeest en dat de oansteande brêgeman wegeret om de keamer te ferlitten. Mei har keycard iepenet se de doar fan de