De skat fan jonker Jan
Tekla, Timen, Roas en Atse fine it ferskriklik dat jonker Sibe syn state ferkeapje moat. Mar Sibom - sa't elkenien de âlde jonker neamt - kin net oars: it dak lekt. Op de muorren groeit skimmel, de flierren sitte fol môge... Sibom kin it grut ûnderhâld fan Ealamastate net betelje.
Jan Hannes Hakbyl fan Walhalla-hotels wol de state graach keapje. Allinnich, dan wurdt it prachtige hûs wol