De Goargels en it geheim fan ’e gletsjer
yn ’t Frysk!
Melle en syn famylje binne op fakânsje yn ’e Alpen.
Midden yn ’e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia?
Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn’t it spoar liedt nei de gletsjer, dy’t stadich begjint te ranen no’t it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn ’e kunde mei