Lezersrecensie

De woeste hichten


Boekenpearls76 Boekenpearls76
19 jan 2024

Resjnsje fan: De woeste hichten Ingelske titel: Wuthering heights Skriuwer: Emily Brönte De Woeste Hichten (1847), de iennige roman fan de jong ferstoarne Emily Brontë (1818-1848), is in ûnferjitlik en ûnmeilydsum boek fan in troch sosjale omstandichheden misbetearde hartstochtlike leafde. Nêst Jane Eyre (1847) fan har suster Charlotte Brontë is De woeste hichten ien fan de bekendste romans fan de njoggentjinde iuw. Beide boeken binne no yn it Frysk te lêzen. Emily Jane Brontë wie in Ingelske skriuwster. Hja wie de middelste fan de trije susters Brontë. Har susters Charlotte Brontë en Anne Brontë wiene ek skriuwster; har broer Branwell Brontë wie skriuwer en skilder. Emily Brontë waard berne yn Thornton yn Yorkshire. Fryske oersetting troch: Geart fan der Mear (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk. Nêst taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit. Metoade fan lêsen: Resinsje eksimplaar as paperback krigen fan útjouwer Elikser Útjouwer: Elikser Sjenre: histoaryske roman Foarkant Boek: In wyt winter lânskip mei snie sa fier at je sjen kinne. In stiennen muorke en tûken mei brûne blêden. Ik kin de kjeld fiele. Tekst op de efterkant: Ynformearjend, krêftich en nijsgjirrich meitsjend nei it ferhaal. Moai tekst gedielte: Yn de wurden oan har eardere bernefaam Nelly: ‘As ik no mei Heathcliff trouwe soe, dan soe ik mij ferleegje, dat hij sil noait witte hoefolle as ik fan him hâld. En dat is net, Nelly, omdat er kreas is, mar omdat hij mear mijsels is as ik dat sels bin. Wêr’t ús sielen ek fan makke binne, sinent en minent binne deselde […] Hij is it dêr’t yn myn libben al myn tinken om draaid hat. As alles fergean soe, en hij bleau, dan soe ik ek noch bestean bliuwe. En as alles bestean bliuwe soe, en hij der net mear wie, dan soe it hele universum mij folslein frjemd wurde.’ Heathcliff wie foar Cathy har trouwen fuortgongen, mar komt nei in pear jier fol wraakgefoelens werom, wraak op Cathy har broer, wraak yn sekere sin ek op Cathy sels. Hij slingeret har de slimste ferwiten nei de holle: ‘Do litst mij no sjen hoe wreed ast west hast – wreed en ûnoprjucht. Wêrom hast mij ferachte? Wêrom hast dyn eigen hart ferret, Cathy? Ik kin net ien wurd fan treast betinke. Do fertsjinnest dit. Do hast dijsels fermoarde […] Want ellinde en sykten en de dea, en neat dat God of de Satan ús oandwaan koenen, hienen ús skiede kinnen, mar do, út eigen frije wil, do hast dat dien. Ik ha dyn hart net brutsen – do hast dat dien, en hast dêrbij ek mines brutsen.’ It ferhaal: De roman De Woeste Hichten is ien fan de bekendste leafdesskiednissen yn de wrâldliteratuer. It is miskien ek wol de wreedste. It ferhaal spilet him ôf tsjin de achtergrûn fan de ûnbidige heidefjilden fan Noard-Ingelân, op de twa boerepleatsen De Woeste Hichten en de Lysterpleats. As de heit fan Cathy Earnshaw weromkomt fan in reis nei Liverpool docht bliken dat er in lyts jonkje bij him hat, dat er as fûnling op strjitte oantroffen hie. Hij is wat donker fan útsjuch en de suggestje is dat er fan sigeuners ôfstamt. Heathcliff, sa wurdt er neamd, sûnder achternamme, groeit op mei de suver like âlde Cathy as lid fan de famylje. Mar as de heit fan Cathy stoarn is, en de âldere broer fan Cathy de baas wurden is op De Woeste Hichten, wurdt Heathcliff linkenoan degradeard ta in arbeider, sûnder besit en sûnder komôf, en sûnder sosjaal perspektyf. Om dy reden trout Cathy úteinlik mei Edgar Linton fan de Lysterpleats, ek al hâldt se allinne fan Heathcliff. Yn de wurden oan har eardere bernefaam Nelly: ‘As ik no mei Heathcliff trouwe soe, dan soe ik mij ferleegje, dat hij sil noait witte hoefolle as ik fan him hâld. En dat is net, Nelly, omdat er kreas is, mar omdat hij mear mijsels is as ik dat sels bin. Wêr’t ús sielen ek fan makke binne, sinent en minent binne deselde […] Hij is it dêr’t yn myn libben al myn tinken om draaid hat. As alles fergean soe, en hij bleau, dan soe ik ek noch bestean bliuwe. En as alles bestean bliuwe soe, en hij der net mear wie, dan soe it hele universum mij folslein frjemd wurde.’ Heathcliff wie foar Cathy har trouwen fuortgongen, mar komt nei in pear jier fol wraakgefoelens werom, wraak op Cathy har broer, wraak yn sekere sin ek op Cathy sels. Hij slingeret har de slimste ferwiten nei de holle: ‘Do litst mij no sjen hoe wreed ast west hast – wreed en ûnoprjucht. Wêrom hast mij ferachte? Wêrom hast dyn eigen hart ferret, Cathy? Ik kin net ien wurd fan treast betinke. Do fertsjinnest dit. Do hast dijsels fermoarde […] Want ellinde en sykten en de dea, en neat dat God of de Satan ús oandwaan koenen, hienen ús skiede kinnen, mar do, út eigen frije wil, do hast dat dien. Ik ha dyn hart net brutsen – do hast dat dien, en hast dêrbij ek mines brutsen.’ Myn miening: Nea earder lies ik it ferhaal fan Emily Brönte. Doe at ik it boek krige fan útjowerij Elikser doe wie ik tige optein. It ferhaal spruts my oan en rôp my suver om lêst te wurden. It ferhaal sels is metafoarysk moai. De wurden dy at sprutsen wurde hawwr in grutte skientme en rakken my djip. Geart fan der Mear is dêr yn slagge om mei in byldzjende skriuwstiel mei mei te nimmer yn it ferhaal. De personages seach ik as wiene it wurklik minsken. Ik wie taskôger by alles wat hja seine en diene. Ik seach troch harren eachen nei de wrâld. Harren emoasjes en karakter komme perfekt op my oer. Ik fielde harren bliide, fertrietlike, lilke en meast djippe gefoelens sels. Oersetten liket my net maklik mar Geart fan der Mear hawt dêr talint foar. It Frysk wat hy brûkt koe ik goed folgje. At ik net lies fielde ik de pine fan it missen fan de personages. Makke ik my soarchen om harren. Dit is in ferhaal fol fan elkoar it ljocht yn de eachen net gunne, fan oerhearskjen foar eigen gewin en foar it kiezen fan in libben mei oansjen ynstee fan it folgjen fan je hert. De kuenst fan leaf hawwen mar ek hoe at minsken fertarre wurde kinne troch gefoelens fan wraak. It is in poer en earlik ferhaal. Gjin ferslach fan feiten mar in ryk, djipgeand, hertferskourrend, prachtich ferhaal dat spyle yn lang ferfleine tiiden. Fiksje mar sa skreaun dat je leauwe dat it wurklik plakfûn hawt. Dat makket dat ik hieltiid ynteressearre en nijsgjirrich troch lies. It ferhaal wurdt ferteld troch frou Dean en dan wol sa dat ik it gefoel hie dat ik by har en menear Lockwood siet. De dialogen sa libbendich, sa djipgeand, sa djip reitsjend. De plot is neist emoasjeniel ek moai. Alles komt by inoar. Myn oerdiel: Ik jow fiif stjerren In goede opbou yn ferhaal, byldzjende skriuwstiel, libbensechte personages dy at ik kinnen learde mei al har emoasjes en gefoel. Ik wie taskôger yn dit ferhaal. Ik hong oan de lippen fan frou Dean at ja fertelde oan menear Lockwood. In moai gebrûk fan taal en wil sa dat it ferhaal my djip rakke hawt. Ik moat wurklik ôfkicke no at it ferhaal út is. Yn de takomst soe ik graach mear lêze fan Geart fan der Mear. Hy hawt my betsjoene mei de skitterende oersetting fan in ferhaal fan lang ferlyn.

Reacties

Populair in hetzelfde genre

Boeken van dezelfde auteur